De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Gezocht: Bezorger Op 'e Skille Rien/Lytsewierrum (gevonden)

Skille
Update 21:10 uur, De kracht van de online mienskip! Binnen een kwartier na het plaatsen van de oproep en deze te delen via Facebook/Twitter is er een nieuwe bezorger gevonden! Dank voor ieders aandacht.

Uitgeverij Bokma is op korte termijn op zoek naar een bezorger/bezorgers (minimum leeftijd 14 jaar) voor Op 'e Skille in Rien en Lytsewierrum.
De krant verschijnt tweewekelijks huis aan huis.

Het is mogelijk om bezorger te worden in Rien en Lytsewierrum, bij meerdere aanmeldingen is splitsing van bezorggebied ook een mogelijkheid.

Interesse? Reageren kan via Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of bel: 06-20420301 (Hinne Bokma)

Kunstroute Littenseradiel 20 en 21 mei

kunstrouteKeunstrûte Littenseradiel (Rode Editie) voert dit jaar langs werk van meer dan 60 kunstenaars op 34 locaties in de gemeente. Ateliers, werkplaatsen en expositieruimtes in kerken en dorpshuizen zijn gratis toegankelijk en op verschillende locaties worden workshops gegeven. Bovendien is de route langs vele prachtige dorpen en buurtschappen van de uitgestrekte gemeente Littenseradiel in de "greidhoeke" van Friesland. Een goede start is een bezoek aan de Centrale Expositie (De Omrin 22a, 8831 ZD Winsum) met werk van deelnemende kunstenaars en tevens informatiepunt. Bezoekers kunnen gratis meedoen met de loterij "Win een kunstwerk". Met deze keer kans op een schilderij (in lijst) van kunstenaar Lieneke van der Kwaak uit Winsum.
www.friesekunstroute.nl

Kinderen de Romte maken videoclip

videoclipAfgelopen woensdag was er in Itens bijna sprake van 'geluidsoverlast': Popmuziek schalde door de straten rondom de Romte. Uit onderzoek bleek dat er opnames voor een heuse videoclip werden gemaakt. De kinderen van de Romte maken met buurman Bart deze videoclip. Hiervoor zijn eerder al opnames geweest in de studio van buurman Bart met een 'greenscreen'.  Afgelopen woensdag werden er nog beelden gemaakt op het schoolplein met de hele school. Hiervan mochten ouders en dorpsgenoten van meegenieten!

Tjeerd en zijn gras

Tjeerd Dijkstra

Melkveehouder Tjeerd Dijkstra verteld waar hij op let bij het maaien van zijn grasland. Wat is het juiste maaimoment? Hoe kort wordt er gemaaid? Tjeerd geeft ons inzicht in zijn aanpak.

Bekijk hier al zijn tips

Mienskipshûs 'De Fermanje' yn Itens


kerk itens
Oan alle ynwenners fan ús 4 doarpen,

Sa’t jimme grif wol witte stiet de Fermanje (de meniste tsjerke) yn Itens al in skoftsje leech. Sa no en dan binne der noch tsjerketsjinsten fan de Menisten en fine der oare aktiviteiten plak. De Herfoarme Tsjerke fan Itens-Hinnaard is sûnt july 2016 eigner fan de Fermanje.
Wy ha sjoen oft de Fermanje njonken it gebrûk troch de Menisten ek noch in oare funksje yn de doarpen hawwe kin. Dat soe in oanfulling wêze kinne op de leefberens yn de doarpen. Wy ha in konseptplan makke en dêrfoar fan de gemeente Littenseradiel in startsubsydzje tasein krigen. De Martinitsjerke draacht inselde bedrach by en wy ha in oanfraach yntsjinne by de Meniste gemeente.

Wat binne de plannen?
Wy wolle ynkoarten begjinne mei in ‘iepen hûs’ om jimme as doarpsbewenners sjen te litten wat gebou der yn it midden fan it doarp stiet en wy wolle jimme byprate oer de plannen en antwurd jaan op fragen. It iepen hûs wolle wy hâlde op sneon 3 juny fan 13.00 oant 17.00 oere. Fierder binne der plannen foar in eksposysje fan ikoanen, miskien meidwaan oan de iepen monumintedei, yn alle gefallen meidwaan oan it Tsjerkepaad fan july oant en mei septimber, in krystmerk ensfh.

Njonken dizze aktiviteiten wolle wy besykje in ‘lytse byb’ te meitsjen dêr’t boeken ruile of liend wurde kinne, in ‘merkeplak’ dêr’t artikels ferkocht wurde kinne, miskien it hieren fan in ferkeapkast dêr’t elk sels guod yn oanbiede kin, eksposysjes , in toeristysk ynformaasjepunt mei kaarten en folders, oargelkonserten.
Hjirnjonken is der romte foar ideeën dy’t jimme oandrage. Der wurdt neitocht oer in fergoeding foar it gebrûk fan de tsjerke om kosten fan ferwaarming ensfh. te dragen, mar it moat in leechdrompelich moetingspunt wurde foar bewenners en besikers dat in fersterkende funksje krije moat foar de besteande fersjennings. (doarpshûs, sportfjild, tsjerke)

Sa’t jimme sjen kinne begjinne wy yn juny. It is de bedoeling dat it Mienskipshûs De Fermanje op in fêste dei iepen is en frij tagonklik is foar de doarpsbewenners om in bakje kofje te drinken of bygelyks in boek te lienen. Yn earste ynstânsje op sneons fan 13.00 oant 17.00 oere. Om dit te realisearjen hawwe wy jimme help nedich as: frijwilliger by Tsjerkepaad, as leveransier fan boeken, as organisator fan in aktiviteit, as ....... Wy moatte der meiinoar wat fan meitsje om ús mienskip noch libbener te hâlden!

Oant sjen op 3 juny!

Douwe Willemsma
Hearedyk 37 (0515-331744)  

Elisabeth Abels-Gorter
Hearedyk 44  (0515-856745)

Feestkeatsen snein 21 maaie

telegraaf kaatsenOankommend wykein fiere wy feest in de Fjouwer doarpen en keatsferieniging Itens e.o. organisearret op snein 21 maaie it feestkeatsen op it sportfjild yn Itens! Wy keatse dizze kear mei in grutte, sêfte bal, sadat eltsenien út de Fjouwer doarpen meidwaan kin. Je hoege dus net lid te wêzen fan ús ferieniging om mei te dwaan! De bern keatse fanôf 10 oere, de folwoeksenen starte om 12.00 oere.  Opjaan kin fia Jan Gerben, Gerard, Tim, Elisabeth of kf-itens(@)live.nl. . Oant snein allegearre!

Keatsen foar de jeugd út de 4 doarpen

telegraaf kaatsenDizze wike begjint it keatsseizoen foar de bern út de 4 doarpen wer. Jûn begjint de kompetysje om 19.00 oere. Tongersdei 11 maaie is de earste training foar de jeugd.
Bistdo 5 jier en sistdo yn groep 2 fan de basiskoalle, kom dan ris in kear mei ús te keatsen!
Ek âldere jeugd oant en mei 16 jier, dy't in kear mei keatse wol, binne fansels ek wolkom op it sportfjild yn Itens.
De jeugd fan 6 t/m 9 jier traint fan 18:30-19:30 oere en de jeugd fan 10 t/m 16 jier traint van 19:30-20.30 oere.
Do meist 2 kear sjen of meidwaan en astdo it leuk fynst, freegje wy dy om lid te wurden fan ús ferieniging.
Doch wol sportklean en sportskuon oan, keatswanten hawwe wy te lien by ús feriening!


Kinderen de Romte filmen met Drone

PlasDrasDrone
Jelmer Abels en Jorrit van der Velde uit Itens hebben voor een schoolproject met een drone gefilmd boven een plas/dras gebied en bij natuurgebied Skrins.
Die beelden kwamen nu mooi van pas bij het project Greidhoeke goes Onderwijs waar op basisschool de Romte in Itens op dit moment actief aan wordt gewerkt.

Een klein interview en de beelden van de drone zijn te bekijken in de 2e aflevering van het Greidhoeke Journaal. Ook kwam daarin meer nieuws in/rondom Itens aan bod: een kijkje in de studio van de buurman naast basisschool de Romte én het inzaaien van het bijenlint tussen Rien en Itens.
Het journaal is >hier< te bekijken. Volg al het projectnieuws via de speciale Facebookpagina van het Greidhoekeproject.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen