De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Mienskipshûs 'De Fermanje' yn Itens


kerk itens
Oan alle ynwenners fan ús 4 doarpen,

Sa’t jimme grif wol witte stiet de Fermanje (de meniste tsjerke) yn Itens al in skoftsje leech. Sa no en dan binne der noch tsjerketsjinsten fan de Menisten en fine der oare aktiviteiten plak. De Herfoarme Tsjerke fan Itens-Hinnaard is sûnt july 2016 eigner fan de Fermanje.
Wy ha sjoen oft de Fermanje njonken it gebrûk troch de Menisten ek noch in oare funksje yn de doarpen hawwe kin. Dat soe in oanfulling wêze kinne op de leefberens yn de doarpen. Wy ha in konseptplan makke en dêrfoar fan de gemeente Littenseradiel in startsubsydzje tasein krigen. De Martinitsjerke draacht inselde bedrach by en wy ha in oanfraach yntsjinne by de Meniste gemeente.

Wat binne de plannen?
Wy wolle ynkoarten begjinne mei in ‘iepen hûs’ om jimme as doarpsbewenners sjen te litten wat gebou der yn it midden fan it doarp stiet en wy wolle jimme byprate oer de plannen en antwurd jaan op fragen. It iepen hûs wolle wy hâlde op sneon 3 juny fan 13.00 oant 17.00 oere. Fierder binne der plannen foar in eksposysje fan ikoanen, miskien meidwaan oan de iepen monumintedei, yn alle gefallen meidwaan oan it Tsjerkepaad fan july oant en mei septimber, in krystmerk ensfh.

Njonken dizze aktiviteiten wolle wy besykje in ‘lytse byb’ te meitsjen dêr’t boeken ruile of liend wurde kinne, in ‘merkeplak’ dêr’t artikels ferkocht wurde kinne, miskien it hieren fan in ferkeapkast dêr’t elk sels guod yn oanbiede kin, eksposysjes , in toeristysk ynformaasjepunt mei kaarten en folders, oargelkonserten.
Hjirnjonken is der romte foar ideeën dy’t jimme oandrage. Der wurdt neitocht oer in fergoeding foar it gebrûk fan de tsjerke om kosten fan ferwaarming ensfh. te dragen, mar it moat in leechdrompelich moetingspunt wurde foar bewenners en besikers dat in fersterkende funksje krije moat foar de besteande fersjennings. (doarpshûs, sportfjild, tsjerke)

Sa’t jimme sjen kinne begjinne wy yn juny. It is de bedoeling dat it Mienskipshûs De Fermanje op in fêste dei iepen is en frij tagonklik is foar de doarpsbewenners om in bakje kofje te drinken of bygelyks in boek te lienen. Yn earste ynstânsje op sneons fan 13.00 oant 17.00 oere. Om dit te realisearjen hawwe wy jimme help nedich as: frijwilliger by Tsjerkepaad, as leveransier fan boeken, as organisator fan in aktiviteit, as ....... Wy moatte der meiinoar wat fan meitsje om ús mienskip noch libbener te hâlden!

Oant sjen op 3 juny!

Douwe Willemsma
Hearedyk 37 (0515-331744)  

Elisabeth Abels-Gorter
Hearedyk 44  (0515-856745)

Stem!

NimMyMeiDyMei

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen