De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Holle Bolle... 45 jier Spulwike!

SpulwikeLogo
De alderearste wike fan 'e simmerfakânsje foar de skoalbern sit der alwer op. Foar in protte bern yn Littenseradiel stie dizze wike yn it teken fan Spulwike. 
Dit jier in bysûndere edysje, Spulwike bestiet 45 jier. Dêrom foar alle bern dit jier in ekstra dei op freed mei in grutte foksejacht, pannekoeken ite mei 600 bern en gigantyske stoarmbaan fan mear as 200 meter!

Foto's/fideo's fan dizze prachtige wike binne te finen fia de Spulwike-Facebookside as fia harren webside. Hjoed (sneon) ek in protte oandacht yn 'e Fryske kranten. Letter sil ek de Spulwike krante wer ferskine, dizze wurdt wer oan Op 'e Skille taheakke.

Spulwike is foar alle skoalbern yn Littenseradiel, jierliks dogge der sa'n 600 bern út de gemeente oan mei. Op dit stuit wurdt der noch hurd wurke oan plannen foar it ferfolch yn 2018 nei de gemeentlike weryndieling. Hoe dan ek: Spulwike sil der bliuwe!
Alle minsken dy’t de Spulwike in waarm hert ta drage kinne freon wurde fan de Spulwike, sjoch >hjir< foar mear ynformaasje.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen