De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Feestlike iepening doarpshûs

DorpshuisOpening2
Sneontemiddei 23 septimber is it fernijde doarpshûs 'De lytse Fjouwere' feestlik iepene. Boargemaster Liemburg wie spesjaal foar de iepening nei Itens kaam. Sy iepene it fernijde doarpshûs ûnder begelieding fan it gelegenhyts 'trombone-orkest'.. Der wienen in soad belangstellenden nei Itens kaam foar de iepening. Der wienen in tal fan sprekkers en ek âld-behearders.
Foar de bern wienen der spultsjes, foar in elts in foto-speurtocht troch in fernije doarpshûs. Der wie in hapke en in drankje en musyk mei Sander Metz. Koartom, in tige slagge middei. No kinne alle ferienings en oaren wer folop gebrûk meitsje fan it doarpshûs.

Foar wa't noch de antwurden witte wol: De foto's fan de fotospeurtocht mei de goede nammen hingje yn de seal fan it doarpshûs!

Stem!

NimMyMeiDyMei

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen