De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Omrop Fryslân yn De 4 doarpen?

OmropFryslanLogo 
Wat spilet der yn de sân gemeenten dêr't op 22 novimber ferkiezingen hâlden wurde? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeenten.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is ien fan harren. Hy dompelet him takom wike as vlogger en radioferslachjouwer in wike lang ûnder yn de gemeente Súdwest-Fryslân. In gemeente dy't al in grutte weryndieling achter de rêch hat, en dy't no in lyts stikje Littenseradiel derby krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Wommels nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks byhearre sille? En hawwe de ynwenners fan Reahûs deselde soargen as dy yn Starum? Bauke siket it út, en hy is ek noch op syk nei in sliepplak, want de ferslachjouwers meie in wike lang echt ûnderfine wat it is om ynwenner te wêzen fan de nije gemeente.

In moaie gelegenheid om oan te jaan wat wichtich is foar De 4 doarpen nei de weryndieling by Súdwest Fryslân.

Minsken dy't in bêd of in ferhaal hawwe foar Bauke kinne kontakt mei him opnimme fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen