De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Kado foar alle húshâldens

GemeenteLittenseradiel
By de Skille fan 27 desimber (of krekt in pear dagen earder as letter) krije jo in pakketsje besoarge. Yn dat pakketsje sit it boek ‘Dossier Littenseradiel’ en in dvd mei in registraasje fan de muzikale filmfertelling ‘Greidehert’. Ek sitte der ansichtkaarten fan alle doarpen by. Dit is in kado fan de gemeente Littenseradiel by it ôfskie.

Yn it boek Dossier Littenseradiel steane ferhalen oer nijsgjirrige saken en minsken, bysûndere foarfallen en memorabele mominten út de perioade dat Littenseradiel bestie, fan 1984 – 2018.

De dvd Greidehert is in registraasje fan de ôfskiedsfoarstelling Greidehert, dy’t yn desimber 2017 ferskate kearen yn Winsum opfierd is. De reaksjes fan de oanwêzigen by de foarstelling wiene dat it ‘ontroerend’ wie, dizze oade oan Littenseradiel. Om’t net alle ynwenners oanwêzich wêze koene, kin no elkenien fia de dvd dochs meigenietsje fan dizze artistike ympresje fan ús prachtige Littenseradiel. It wie moai, it is moai en it bliuwt moai yn ús Greidehert!

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen