De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Nim my mei dy mei, nei nr. 8!

NimMyMeiDyMei FryskeTop100
Dat der yn de gemeente Littenseradiel yn 2017 noch goed útpakt is mei Aldjiersstunts is een ding dat seker is.
Spul dat opdûkt yn Easterein, as in hiele nije gemeente.

In oare stunt spile him ôf yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.
It liet 'Nim my mei dy mei' fan de Greidebern ft. Wiebe Kaspers is de heechste nije binnenkommer yn de Fryske Top 100: op nr. 8! In prachtige stunt, sa'n heech plak hie elkenien nea dreame kind. In moaie opstekker foar de 4 skoallen en Wiebe Kaspers, dat is nijjiersdei fuort en daliks fierd op de skoalle yn Winsum, dêr't alle âlden en bern fan de 4 skoallen útnoege waarden.

Fia dizze wei wol basisskoalle de Romte út namme fan de oare dielnimmers, elkenien tige tank sizze foar harren stim!

De folsleine Fryske Top 100 is >hjir< te finen.
En... takom jier Gurbe Douwstra fan it 1e plak ôf...? ;-)

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen