Toanielferieniging Nim it sa't is spilet "Hertejeie"

Yn wyldrestaurant “De Moede Hinde” is elk jier in wedstriid foar it bêste fleisgerjocht. De genderneutrale kok fan it restaurant is drok oan it oefenjen om de lekkerste elandbaltsjes te meitsjen foar de wedstriid. Dan ferskynt der plysje yn it restaurant: Der is ien fan de gasten ferdwûn. Alle gasten binne fansels fertocht, mar ek de notaris mei in twangsteurnis en in hiel senuweftige hotelmeiwurkster wurde troch ynspekteur Schippers en resjersjeur De Jong ûnderfrege. Wa makket fan syn hert in moardkûle? Sjoch hjir foar de poster.
9 en 10 Maart 2018 om 20:00 oere yn De Lytse Fjouwere Itens
Yntree: € 7,50
Spilers: Agnes Zeinstra, Bouwe-Jan Huisman, Fred Dijkstra, Harrie Draaijer, Janny Bouma, Elisabeth Abels-Gorter, Margje van de Velde, Martie de Vreugt, Thea Metz en Wytse Bouma.
Ljocht en lûd: Job Plantinga en Klaas Oldenburger
Rezjy: Friek Kosse