De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

IEPEN KAFEE

Freed 26 jannewaris wie der foar de twadde kear “Iepen Kafee” yn it doarpshûs.

Neist in potsje biljerte, kaarten, darten en yahtzee waard der gesellich bykletst oan’ e bar en de rûne tafels.
Fred Dijkstra hie wer in skoander miel makke mei dizze kear sop foarôf, dat gong der wol yn!
Om’t it de jûn fan it ferhalen fertellen wie yn it ramt fan LF2018 ha we ús âld kastlein Germ Koldijk en ús kok Fred Dijkstra frege om hjir in ynfulling oan te jaan.
Beide mannen koenen byldzjend fertelle, dit wurdt ek wol fiskerslatyn neamd, oer harren avontoeren mei it fiskjen.
Fantasy en wurklikheid rûnen moai trochelkoar hinne, by fiskjen heart ek in alkoholyske fersnapering sa waarden we gewaar en we ha sels noch mei Fred as dirigent in ferske songen.

Liket it jim ek wat ta om ris del te kommen, dat kin en wol op freed 23 febrewaris fanôf 15.00 oere.
In hapke mei ite? Dan dit graach efkes trochjaan oan Bouwe Jan.
20180201 17415520180201 17454420180201 18110920180201 18065220180201 18120120180201 180106
Tel: 0641111094

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen