De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Warming-up-jûn foar de Swit & Sit Rin 24 maart

swit
Op sneon 9 juny sil de earste edysje organisearre wurde fan de Swit en Sit Rin yn Itens. Foar de bern sil der in Kidsrun fan 1 en 2 km wêze en foar de folwoeksenen 5 en 10 km troch ús moaie Greidhoeke. Om goed oan’e start te kommen noegje wy jim út foar: De warming-up-jûn op 24 maart 2018 fanôf 20:30 yn it Doarpshûs te Itens.

Binne jo in Switter, hâlde jo mear fan sitten of wol je ús stipje…it makket neat út, elts is wolkom!!

Entree is € 5,00 en hjir stipje jo de Swit & Sit Rin mei!

Wolle jo of jo famylje Freon fan de Swit & Sit rin wurde, dat kin ek!
Foar € 25 (of mear as jo dat wolle) binne jo Freon en sille we hjir oandacht oan skinke op de dei sels. Dizze ear om Freon te wêzen sil ek op social media blike!
In gesellige jûn om ûnder genot fan in drankje, hapke en mei musyk alfêst op te waarmjen foar 9 juny.
Tinke jo ek alfêst nei oer jo favorite Swit (of Sit) musyk? Op oanfraach draaie we jo plaatjse!

Jo komme dochs ek? Oant 24 maart!

Groetnis it Swit & Sit team; Esther, Paula, Roelie en Anke

Folgje ús ek op Facebook: https://www.facebook.com/switensitrin/

Of foar mear ynformaasje kinne jo ús freegje , maile kin ek: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen