De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

IIsbaan Rien: it kin (noch) net

IJsbaanRien 26feb2018
Mei de waarfoarsizzings foar kommende wike hoopje wy fansels op redens te kommen... der wiene ekstreme froastnachten foarsein, dêr komme de gelearden no dochs wer wat fan werom en liket de froast wat minder ekstreem as earder tocht. Boppedat is de hurde wyn in spulbrekker by it foarmjen fan in moaie iisflier.

De iisbaan yn Rien leit hjoed (moandei) foar mear as de helte ticht, it efterein leit noch iepen dêr't troch de hurde wyn in grut wyn-wek ûntstien is.

It bestjoer fan de iisklup hopet fansels dat der ein dizze wike noch efkes riden wurde kin. Dat hat no tiid nedich, it is ôfwachtsjen wat de wyn dwaan sil yn kombinaasje mei mate fan froast.

Sadree't it kin is dat fansels te lêzen op De4doarpen.nl en de FB-side fan de Fjouwer Doarpen

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen