De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Nim it sa't is spilet 9&10 maart 'Hertejeie'

margje
Freed 9 en sneon 10 maart spilet toanielferieniging Nim it sa't is it stik 'Hertejeie' yn doarpshûs de Lytse Fjouwere. (oanfang 20.00 oere) Donateurs krije 2 kaarten, dy't dizze wike delbrocht wurde. Minsken meie sels kieze welke jûn se komme, freed as sneon. Losse kaarten binne foar beide dagen te keap oan de kassa foar €7,50 it stik. Wolkom!

Tongersdei 8 maart is de generale repetysje foar de boppebou-bern fan skoalle. De generale begjint om 19.30 oere, entree is  €2,- (ynklusief in drankje en wat lekkers yn it skoft) By de generale binne fansels ek minsken wolkom, dy't freed as sneon net kinne.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen