De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Tip fan de yogagroep : Ekposysje Agatha Roozendaal

agatha
Ofrûne tiisdei ha wy mei de yogagroep by “de Vertakking” yn Ryptsjerk west.
Dêr is op dit stuit in eksposysje mei û.o. wurk fan ús lid en doarpsgenoat Agatha Roozendaal.
20 vilters ha yn gearwurking mei 20 Fryske keunstners in keunstwurk kreeard mei as titel: “de Kunst van Verbinden”.

Sawol binnen as bûten yn’e prachtige túnen ha we genoaten fan de meast útienrinnende kreaasjes fan ferskeidene keunstdisiplines. Ek is der in teetún, in moadewinkel mei in brokante ôfdieling om lekker yn om te sneupen.
Seker de muoite wurdich om hjir in pear oerkes troch te bringen.

De eksposysje is iepen oant 21 maaie op tongersdei o/m snein, middeis fan 13.00-16.00 oere. De tagongspriis is € 2,-.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen