De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Eksposysje “ Passie verbindt”

yoga
We sjogge mei in foldien en grutsk gefoel werom op de twa ôfrûne wykeinen. Alle leden hienen hjir op ferskillende wize harren passy nei foaren brocht. Sa’n 100 besikers, wêrûnder in soad doarpsgenoaten, ha de eksposysje besocht.
Entûsjaste en positive reaksjes, moaie ûnderlinge petearen, bakje kofje/tee der by en fansels it prachtige neisimmerwaar der op ta.

Dat alles mei tank oan it tsjerkebestjoer, wy koenen de tagong frij hâlde om’t we gjin hier hoegden te beteljen.
De mennistetsjerke lient him goed foar in eksposysje, wa wit is dit in ynspiraasje foar oare kreative minsken út ús mienskip.

It wandkleed, dat we meielkoar makke ha, komt te hingjen yn it doarpshûs. Sa ha we in moai oantinken, foar elk te besjen, oan dit bysûndere barren.

Yogagroep Itens e.o.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen