De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

1 novimber: Itenser rûnte Prof. den Heyer

Martinikerk
Op 1 novimber sil Prof. C.J. Den Heyer yn de Martinitsjerke fan Itens komme te sprekken. Hy sil sprekke oer syn boek dat ferline jier útkommen is. De titel is: 'Jezus, een mensenleven'. Yn dat boek beskriuwt hy in persoanlijke syktocht. Yn de rin fan de jierren hat De Heyer hiel wat publisearre oer it libben en stjerren fan Jezus. Yn dit boek begjint er by it Joadendom foar ús jiertelling sa as de Babylonische balingskip. Hy beskriuwt boarnen bûten de bibel lykas Flavius Josephus en giet de ferskillen nei yn de fjouwer kanonike evangeeljes. De jûn begjint om 20.00 oere. Ynljochtings: Douwe Willemsma, 0515-331744 of douwe.willemsma(@)hetnet.nl

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen