De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Iepen Kafee sneon 22 desimber

Iepen Kafee

22 desimber ha wy in Spesjale Krystedysje fan it Iepen kafee.

Eltsenien is fan herte wolkom! Nim jim buorlju en freonen mei!

Fanôf 15.00 oere is de ynrin mei in bakje kofje/ tee of ranja.
Wat lekkers derby wurdt jim oanbean troch it bestjoer fan “de Lytse Fjouwere”.
Jimme kinne gesellich prate, spultsjes dwaan; kaarte, rummikub ensfh.

Fanôf 18.30 oere ha wy in super Krystmiel, ús topkok is fansels Fred Dijkstra.
Op it menu steane no net 3 of 4 gangen mar wol 5! It wurdt in hiele grutte ferrassing!

Foar folwoeksenen is de priis €15,00 en foar bern €7,50.
Graach foar 8 desimber opjaan. ( y.f.m. de ynkeapen).
Dit kin fia de mail by Bouwe Jan Huisman. Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Of in briefke yn’e bus by Trees Bosma, Hearedyk 24 Itens.

Sa rûn 21.30 oere kin der Dûnse wurde. Us bekende dj Jan Boonstra fersoarget de muzyk.
Graach foar 20 desimber jim favorite nûmers trochjaan, max.3.
Sa kinne we der meielkoar in gesellige jûn fan meitsje.
Dit kin fia de mail of efkes in briefke by him yn’e bus te dwaan. Hearedyk 49 Itens.

Je kinne fansels ek allinnich middeis of jûns komme.

Oant dan! Fred, Immie, Bouwe, Agatha, Fokje en Trees
………………………………………………………………………………………………

OPGAVE Krystdiner foar 8 desimber Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. ( fia briefke Trees)
Ik/ Wy komme 22 desimber te iten foar it Krystdiner.

Namme/famylje…………………………………………….
Oantal persoanen:………………………………folwoeksenen
………………………………bern

………………………………………………………………………………………………

OPGAVE fan myn/ ús (3) Tophits binne: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. ( fia briefke yn’e brievebus)
Foar 20 desimber
Namme:…………………………………………….
1………………………………………………………………………………………………….
2………………………………………………………………………………………………….
3………………………………………………………………………………………………….

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen