De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Basisskoalle De Romte op 'e nij yn de Fryske Top 100

NimMyMeiDyMei 2
Basisskoalle de Romte stiet op 'e nij yn de Fryske Top 100.
Ferline jier makken fjouwer basisskoallen út de Greidhoeke tegearre mei Wiebe Kaspers in liet oer de skries: Nim my mei dy mei.
Dit yn it kader fan it projekt Greidhoeke goes Onderwijs, dêr't bern sels op ûndersyk giene nei de skries en harren omjouwing.

Ferline jier wie it liet de heechste nije binnenkommer op plak 8 yn de Fryske Top 100.
Yntusken is it projekt ôfsletten en is der wat minder kampanje fierd, dochs hat it liet op 'e nij in plak yn de Fryske Top 100, op plak 36.

Tank oan elk dy't stimd hat op Nim my mei dy mei! 

De Fryske Top 100 wurdt âldjiersdei útstjoerd tusken 12:00-0:00 oere op Omrop Fryslân Radio en TV.
De folsleine list is te finen op de webside fan de Fryske Top 100.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen