De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Mienskipshûs de Fermanje

 
De Fermanje (de meniste tsjerke) yn Itens al in skoftsje leech. Sa no en dan binne der noch tsjerketsjinsten fan de Menisten en fine der oare aktiviteiten plak. De Herfoarme Tsjerke fan Itens-Hinnaard is sûnt july 2016 eigner fan de Fermanje.
 Fierder binne der plannen foar in eksposysje fan ikoanen, miskien meidwaan oan de iepen monumintedei, yn alle gefallen meidwaan oan it Tsjerkepaad fan july oant en mei septimber, in krystmerk ensfh.

Sûnt 1 july is de Fermanje op sneons iepen: Tsjerkepaad, der is in exposysje fan Ikoanen, in lytse byb, toeristyske informaasje.

Hjirnjonken is der romte foar ideeën fan bewenners út de Fjouwer doarpen. Der wurdt neitocht oer in fergoeding foar it gebrûk fan de tsjerke om kosten fan ferwaarming ensfh. te dragen, mar it is in leechdrompelich moetingspunt foar bewenners en besikers dat in fersterkende funksje krije moat foar de besteande fersjennings. (doarpshûs, sportfjild, tsjerke) 
It is de bedoeling dat it Mienskipshûs De Fermanje op in fêste dei iepen bliuwt en frij tagonklik is foar de doarpsbewenners om in bakje kofje te drinken of bygelyks in boek te lienen. Yn earste ynstânsje op sneons fan 13.30 oant 17.00 oere. Om dit te realisearjen hawwe wy jimme help nedich as: frijwilliger by Tsjerkepaad, as leveransier fan boeken, as organisator fan in aktiviteit, as ....... Wy moatte der meiinoar wat fan meitsje om ús mienskip noch libbener te hâlden!

Oant sjen yn de Fermanje!

Douwe Willemsma & Elisabeth Abels-Gorter




Contact                                                                          

Douwe Willemsma
Hearedyk 37
8735HP ITENS

Tel: 0515-331744
E-mail: douwe.willemsma(@)hetnet.nl  

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen