De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Koningsdag in de 4 doarpen

koningsdag
Voor alle bewoners van de 4 doarpen, die Koningsdag in de buurt willen vieren, even de activiteiten op een rij:

- Het dorpshuis is de hele dag open, voor een kop koffie, een kopje soep, een snack of een borrel. Vanaf 9.30 uur staat de koffie klaar, met natuurlijk wat lekkers erbij!

- Om 11.00 uur gaat de Lytse Fjouwere keatspartij op het sportveld van start, een ledenkaatspartij voor iedereen , die niet meer op de basisischool zit. Opgave bij Gerard Witteveen, voor woensdag 19.00 uur

- Vanaf 14.00 uur is er jeu de boules, ook op het sportveld in Itens

- Het Keningsklaverjassen in het dorpshuis start om 14.00 uur. inleg € 3,50, mooie vleesprijzen te winnen!
 
Fijne Koningsdag!

Keningsklaverjassen

Freedtemiddei 27 april is elk dy't graach in potsje klaverjasse wol wolkom yn doarpshûs "De Lytse Fjouwere"
We begjinne om 14.00 oere  en der binne lekkere fleisprizen te winnen.
De ynlis is € 3.50

                                       Net stinne, der hinne!!K hearts180331 klaverjassen 40 A85F53BC9E28AF55C12582610031115F

De Lytse Fjouwere iepen op Keningsdei

DorpshuisDeLytseFjouwere
Kommende freed, op Keningsdei , is doarpshus De Lytse Fjouwere de hiele dei iepen!
Foar in bakje, in kopke sop, in snack of in borreltsje.
Fanof 9.30 oere is de kofje klear, fansels mei wat lekkers der by.
We hoopje op in gesellige dei.


Oant freed!

It bestjoer en frijwilligers fan De Lytse Fjouwere

Jeu de boules op Keningsdei

jeu de boules
Op keningsdei kin der wer jeu de bouled wurde op it sportfjild yn Itens Sa tusken 14.00-14.30 oere wolle we graach útein sette, elk is wolkom. Der binne in pear setsjes jeude boules ballen yn it keatshokje, foar wa’t dy self net hat.
Graach oant sjen!

Johanna Bouma en Agatha Flier

Freed 20 april

Iepen Kafee

Wat ha we it ôfrûne freed troffen mei it waar, it terras fan de Lytse Fjouwere” koe wer yn gebrûk nommen wurde en dêr ha in soad minsken gebrûk fan makke. Ek binnen wie it gesellich en….. it wie dêr lekker koel om in potsje te kaarten, Germ Koldijk, de kampioen fan dit jier, wie ek wer fan de partij. 

Fred hie dizze kear trije gongen op it menu stean en tusken de bedriuwen troch koe elk dy’t dat woe wer nei bûten ta om by te praten ûnder it genot fan in drankje. In slagge ôfsluter fan it “iepen kafee”, sa’t jim op’e foto’s sjen kinne.

20180420 17210020180420 17463920180420 18240520180420 18514220180420 18522320180420 21051420180420 21052120180420 21063020180420 21073720180420 21173620180420 21175420180420 211804

Zaterdag a.s. oud papier!

oud papier
Morgen wordt het oud papier weer in de 4 doarpen opgehaald, zet u het papier weer rond 8.30 uur bij de weg?

reunie Bogerman Wommels 2 juni

bogerman reunieIn oktober 2016 werd de sluiting van Bogerman Wommels aan het eind van schooljaar 2017-2018 aangekondigd. Om iedereen nog de kans te geven om “onze” school te ervaren, nodigen we (oud) leerlingen en docenten uit voor onze reünie. Heeft u nog foto’s of een prachtig verhaal, schroom dan niet om deze met ons te delen via administratiewommels(@0bogerman.nl
Wij hopen jullie zaterdag 2 juni te ontmoeten!

Klik hier om je aan te melden!


Programma
10.00 uur: ontvangst in het Dielshûs in Wommels met koffie en gebak
Vanaf 11.00 uur ontvangst in verschillende lokalen in school
Tussen 12.30 en 14.30 uur lunch in het Dielshûs
De school is open tot 16.00 uur

Seizoensopening zwembad De Klomp 21 april

zwembad wommels
Zaterdag 21 april om 12 uur gaat het zwembad in Wommels weer open! Op deze dag is de feestelijke opening van het seizoen. Van 13.00 tot 15.00 zijn er leuke activiteiten, springkussen, muntduiken met leuke prijzen en meer….
En de uitslag van de loterij!
Gratis toegang voor iedereen!

Klaverjaskampioen

Freed 13 april wie de slotjûn fan de klaverjaskompetysje 2017-1018.
Nei in prachtich winterseizoen, mei meastal 6 of 7 tafels kaarters binne de prizen útrikt.

De Lies partij is wûn troch Tryntsje Rispens, sy mei de beker in jier yn har besit hâlde.

De ûnderlinge kompetysje Itens-Goaïngea is dit kear wûn troch Goaïngea, dus dy meie ek in jier op de beker passe.

En ús eigen kompetysje is wûn troch Germ Koldijk. Hy helle yn totaal 35015 punten.
2e is wurden, Jan Hoitema mei 34871 punten en 3e Jan Kamstra mei 34748 punten.

Alle priiswinners fan herte lokwinske en we treffe jim graach wer yn septimber by de start fan it nije seizoen.

It bestjoer fan kaartklup "De Fjouwerkaart"IMG 20180414 WA0000 3

Himmelsneon

By it Klokhûs op Hinnaard wie it hjoed himmelsneon.
Jong en âld ha fannemoarn dwaande west om alles wer wat op te kreasjen.
Fan peuter oant pensionado is der skrobbe, wjudde, harke, skjirre, seage en noch folle mear
De kommende wiken hjir en dêr noch in likje ferfe, dan stiet it der wer prachtich foar.

Elk dy't der ris efkes opstrúne wol is tige wolkom.
Kom ek ris yn it Klokhûs, der lizze moaie foto's en ferhalen oer de skiednis.
IMG 20180414 WA000320180414 115803 220180414 115747 220180414 111609 220180414 111439

 

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen