Moandei, 18 oktober 2021. Myn earste wurkdei op Kantoar sûnt corona, dus ús beide auto’s wiene fuort. It like dat er net ien thús wie. En dat hie in man hjir út it doarp troch. De man dy’t middeis tsjin trijen betocht dat it no dochs wol tiid wie, nei in dikke wike flagjen, dat ús reinbôgeflage der net mear hingje soe.

Wy hiene in geweldich wykein, mei in hiel soad leafde hân. Foar it earst hiene wy mei myn wurk in boat farren op de Pride yn Ljouwert, foar ien dei de City of Love foar Roze Sneon. Safolle yndrukken op dien, safolle leave minsken sjoen en sprutsen en ek safolle ferhalen heard oer homohaat, dat ik mysels dan wer ryk fielde: Soks bart by ús net, by ús giet alles wat dat oanbelanget bêst goed. Hjir yn Itens ek allinnich mar in posityf lûd heard. Oant hjoed.

Werom by de man. De man rint ús tún yn, troch it stekje by de foardoar. Hy rint op ús flage ôf, dy’t wy hingje litten hiene, om’t wy him dêr wol moai hingjen fûnen. Wy libje yn in frij lân, it is ús tún, dus dat mei. De man lûkt oan de flage. De flage komt net út himsels nei ûnderen. De man giet op it stiennen muorke stean en hellet de flage út de hâlder. En doe skrok er him it apesûr. Wat menear net wist wie dat Mika thús wie. Mika mei Pixel, de hûn. En beide seagen it barren. De túndoar gie iepen en Pixel sloech oan fansels. Mika koe allinnich mar W.T.F en nochris W.T.F. útbringe, alhiel yn panyk.

Op dat momint sei de man tsjin Mika: “Het feest is al klaar hoor” en mei in soartefan ekskuus “Jullie waren het zeker vergeten en daarom zou ik de vlag maar even binnenhalen”. Doe’t er troch hie dat er gjin sinnich petear mei Mika te begjinnen wie, liet er de flage yn it gers falle en rûn er as of it hiel gewoan wie allegearre, by de foardoar lâns it parkearplak op.

Bêste man, ûngefear 1 meter 70 lang, petsje op’e holle en in ljochtkleurre anwb-achtige jas, soene jo je melde wolle by ús. Wy wolle it hiel graach mei jo beprate. Foaral hokfoar ympakt dit hat op ús as gesin en benammen Mika. Mika doart no bygelyks net mear mei de hûn te kuierjen en dat is ferhipte spitich, want Mika doart troch diens autisme gewoanwei al in hiel stik minder as in oar. It is NET goed om samar by ús de tún yn te rinnen en it is NET goed om oan ús reinbôgeflage te sitten. Bliuw fan in oar syn guod ôf. En as it jo dwers sit, belje dan oan. Of pak de tillefoan. Wy steane noch altyd yn it tillefoanboek. Wy bite net. En ús hûn ek net, hoewol ik hjoed miskien leaver hân hie dat er it wol dien hie.

Carla van Hoorn-Bos
Grutske mem fan twa reinbôgebern