It korps Wihelmina út Easterein hat beslúten út te naaien mei it âld papier opheljen. Nei 52 jier trouwe tsjinst mei trekker en wein elts hûs lâns gean. Dizze beslissing is fallen opdat de âld papier priis sa bot daalt wie dat wy jild talizze moasten om it ophelje te kinnen. En spitigernôch – hoe moai tradysjes ek binne – kinne we dat fansels net dwaan.

Ald izer ynsammelje
It korps koe it mar lestich gean litte en kaam mei in nij idee: Wat at we no ris wat oars gean opheljen as papier? No like ús it beste idee om goud en sulver op te heljen en yn te sammeljen, mar we kamen der al gau achter dat de measte minsken dat net kwyt wolle. It beslút foel dernei al gau op âld izer. We binne fan plan om jierliks in ynsammeling te dwaan. Dit jier is it op sneon 16 oktober.

Wat mei wol én net ynlevere wurde by it âld izer? Skroat, stiel, izer, aluminium, brûns, koper, messing, RVS, lead en sink binne allegearre wolkom. Ek leadakku’s, kabels en elektroanyske apparatuur is wolkom. It ienniche wat der net by mei binne droegers, waskmasines ensa.

Kontainer stiet op 16 oktober op de Fabrykswei yn Easterein
Ek komt in kontainer te stean op’e Fabrykswei (ofslach foar it tankstation) wer skroat en oar âld izer nei ta brocht wurde kin. Dogge jo ek mei? Bring it gerêst lâns. Elke kilo is der ien.