Aldjiersdei, 31 desimber, in bysûndere dei.

Dan gean je gedachten faak noch it jier bylâns: wat is der allegear gebeurd, en wie it goed? Wat ha ik der mei dien?

De keunst is om fan alles wat der wie, en wat der west hat, dochs te sjen as goed, sadat je fan it libben genietsje kinne.

Dat wolle wy besjonge en we wolle lústerje nei wize wurden fan sawol twifel as ferwûndering.

Yn it stik  “ DE KEUNST FAN IT LIBBEN “

Wy begjinne de moarns om 10 oere, en om 11 oere is der kofje/thee.

Wy hâlde dit yn de tsjerke fan Itens.

Elkenien is tige WOLKOM.