Foar de tredde kear is der troch biljertferiening “de Kromme Keu” in toernoai foar de leden organisearre, moai sa tusken kryst en âld en nij yn.

It giet fansels om it biljerten, mar de gesellichheid stiet ek heech yn it findel.

Sa waarden tuskentroch de kielen smard, koe der snert iten wurde en oare lekkere hapkes, fersoarge troch Reinder de Jong. Elk hat him dat goed smeitsje litten.

 

It wie wer tige slagge mei spannende partijen, der is fûleinnich striden ûnder oanmoediging fan guon oanwêzige froulju. Om de konsintraasje foar de mannen te ferheegjen, soargen sy der foar dat de drankjes op’e tafel kamen.

Mar wat is it dan moai dat it âldste lid fan de klub, Germ Koldijk, yn’e prizen fallen is, mar ek ien fan de jongste leden, Eric Koster. Theo v.d. Werf mocht de fjirde priis yn ûntfangst nimme.

En hoe is’t mooglik, de finalepartij gong tusken de foarsitter, Kees Jellema en de ponghâlder Reinder de Jong. De lêste wie yn in bloedfoarm, dat de mannen mochten oan elkoar de priis útrikke.

Wat wie it in moai gebaar fan Reinder om syn priis oan Sikke Peenstra te jaan. Hy is altyd fan de partij, je hearre him noait kleien en mei in selsmakke hulpmiddel spilet er syn partijen mear as mei!

Sa kin der mei in goed gefoel werom sjoen wurde op dizze twa dagen.

Liket it dy wat ta om ek lid te wurden fan dizze moaie klub, foar ynformaasje kinne jim te lâne by ien fan de bestjoersleden en/of op de website www.de4doarpen.nl:

Kees Jellema, Reinder de Jong en Frans Visser