Ja , do lêst it goed. Berne Iepenloftspul spilet yn 2021 har foarstellingen. Dus set it mar yn de aginda : 17, 19, 20, 23, 24 en 26 juny. In prachtich foarútsjoch nei de lockdown en bysûnder foar de tiid, wer’t wy no yn libje.

Dat it oars wurdt , dat is wis. It is net wat jimme fan ús wend binne. It aardige is dat dit resultearret yn kreative ideeën en útdagingen. Foar de regisseurs, it bestjoer, it artistike team, mar benammen foar de bern! De bern binne yn it hiele proses meinommen en tinke folop mei yn it meitsjen fan it stik fan 2021.

Wy binne dan ek tige optein en hiel bliid dat wy nei it skrassen fan de foarstellingen fan ferline jier  dit jier wer kânsen krije om te spyljen. In pear bern fan ferline jier binne dit jier wer belutsen by de foarstelling en sy binne fol fjoer oan de slach gien mei de nije spilers.

In pear fan de bern dy ‘t dit jier meispylje kinsto fêst wol. Benthe Witteveen út Rien, Marijn Metz en Hessel Abels út Itens en Jurre Breukelaar út Lytsewierrum spylje dit jier foar it earst mei yn BIS en meie meidwaan oan dizze bysûndere foarstelling. Wa ‘ t hokker rol kriget en wat se krekt dwaan sille is dus noch geheim. Do lêst it gau.

Wy spylje op ferskate plakken yn en om Easterwierum . Nijsgjirrich ? Hâld ús Facebookside, de ynternetside en de ferskate media yn ‘e gaten. Wy komme gau mei mear nijs !

BIS 17 , 19 , 20 , 23 , 24 en 26 juny 2021