Bêste doarpsgenoaten fan de Fjouwer doarpen,

By dizze wolle we jim efkes byprate fanút it doarpshûs oangeande de ferromming fan de Corona-regels. Tegearre mei in pear frijwilligers binne we oan it útsykjen oft we fanôf mids juny ek wer’es in jûntsje iepen kinne. Hjirby sille we ús oan de Corona-regels hâlde en wolle we alles yn it wurk sette foar de feiligens fan ús frijwilligers en de gasten. It is noch in hiele puzel mar wannear der mear dúdlikens is dan hearre jim fan ús.

Bestjoer doarphûs “De Lytse Fjouwere”