Ôfrûne moandei ha wy út hannen fan Pep de Boer fan it coöperatiefonds fan de Rabobank Súdwest Fryslân in cheque krigen fan €1250,- foar de oanskaf fan ús nije meanmasjine. Ús âlde meanmasjine wie oan ferfanging ta, der kamen tefolle kosten dus in nije wie in bettere optie. Dus as jo no iets reads oer it fjild riden sjogge dan is it Klaas op ús nije meanmasjine!