Dorpshuis ‘De Lytse Fjouwere’

In het dorpshuis ‘De Lytse Fjouwere’ worden er, voor jong en oud uit de vier dorpen, allerlei activiteiten georganiseerd zoals: biljarten, yoga, klaverjassen, bingo 55+, filmhuis etc.
Verenigingen kunnen er terecht voor vergaderingen en in de weekenden worden er af en toe  activiteiten en feestavonden georganiseerd in samenwerking met de commissie Fjouwer Doarpen Docht (FDD).
Ook is het houden van een familiefeestje mogelijk in De Lytse Fjouwere.

Reserveren

Dorpshuis ‘De Lytse Fjouwere’ reserveren?  Dit kan via een mail naar delytsefjouwere@gmail.com of bellen naar Bouwe Jan Huisman: 06 41 11 10 94

Vrijwillers

Dankzij de vrijwilligers van de De Lytse Fjouwere kunnen al deze activiteiten plaatsvinden.
Woon je ook in één van de vier dorpen en zou je mogelijk actief willen zijn voor het dorpshuis? Voor meer informatie of een oriënterend gesprek kan je een mail sturen naar onderstaand emailadres.

Recente berichten

Dorpshuis gesloten t/m 31 maart

maart 15, 2020|

Meidieling! Yn ferbân mei de situaasje omtrint it Coronafirus, hawwe wy besletten om ûs doarpshûs te sluten oant en mei 31 maart. Wy rekkenje op jim begrip hjirfoar. Wêrfoar tank. Bestjoer doarphûs; De Lytse Fjouwere   Mededeling! In verband met de situatie omtrent het Corona virus, hebben wij besloten om ons dorpshuis te sluten tot en met 31 maart. Wij rekenen op jullie begrip hiervoor. Waarvoor dank. Bestuur dorpshuis: De Lytse Fjouwere

Boudewijn de Groot weekend

maart 14, 2020|

Op 21 en 22 maart zou het Boudewijn de Groot weekend plaatsvinden in "Mienskipshûs de Fermanje" te Itens. We moeten allemaal meewerken om verdere verspreiding van het corona-virus tegen te gaan. Hoewel een bijeenkomst van 30 mensen (nog) niet verboden is, vind ik het niet verantwoord om het door te laten gaan. Ik stel het uit tot een later te bepalen datum. Eerst maar even afwachten hoe het zich ontwikkelt in Nederland. Het is jammer, maar het beste voor nu. Margo Koning    

Iepen Kafee

maart 13, 2020|

We ha juster besluten om it Iepen Kafee op 21 maart net trochgean te litten. Dit y.f.m. de maatregels rûnom it coronavirus. It is net in evenemint mei maximaal 100 persoanen, mar we wolle foarkomme dat hjiroer ûndudelikheid ûntstean sil. We kinne dit gelokkich ferskowe nei freed 17 april en it goede nijs is dat Piter Wilkens dan ek kin. Dat minsken, efkes geduld, hooplik is tsjin dy tiid it virus ûnder kontrôle en kinne we dan genietsje fan it ferrassingsmiel fan ús kok Fred Dijkstra. Piter sil  tusken de gongen troch fertelle en û.o. sjonge oer de wûndere wurking [...]

Iepen kafee

maart 5, 2020|

Freed 17 april is it folgjende Iepen Kafee.  Fanôf 15.00 oere is elkenien wolkom, biljerte, kaarte of wat jim fierder mar dwaan wolle. En dan sa rûn 18.00 oere begjint it diner mei in aperatyfke, folgjend troch sa’n 4 gongen. Dat wurdt wer in ferrassing fan ús kok Fred Dijkstra yn gearwurking mei Piter Wilkens. Jim kinne tinke oan in lekker miel, yn it ramt fan it ferske dat de Beerenburg somtiden in hiele bêste sjirurch wêze kin! Piter sil hjir oer fertelle en sjonge sa tusken de gongen troch. Hy hat dit al in pear kear earder op dizze [...]

Filmmiddei

januari 27, 2020|

Filmmiddei  Op 23 jannewaris wie der in filmmiddei yn de "Lytse Fjouwere" oer ferskillende doarpsaktiviteiten yn de 90er jierren.  Wat geweldich, dat Nel de Boer destiids dizze filmkes makke hat en dat Rob v.d. Meer dy no op in dvd setten hat. We hienen gjin idee of der belangstelling foar wêze soe, mar ta ús ferrassing rûn it doarpshûs fol mei 60-plussers. Der moasten hieltyd mear stuollen bysetten wurde, prachtich! Wat wie it benammen bysûnder dat Germ en Tonny Koldijk der sa flak foar harren ferhuzing nei Snits noch by wêze koenen. Nei it earste bakje startte Dick de film, [...]

Iepen Kafee

januari 15, 2020|

Nei de tige slagge Iepen Kafees fan it ôfrûne jier mei de Toskaanske jûn, de Ferhalenjûn en it Krystmiel folget hjir it program foar de kommende moannen. Sneon 1 febrewaris Fanôf 15.00 oere it doarpshûs iepen foar in potsje biljerten, kaarten of gewoan gesellich byprate. Sa rûn 18.00 stiet der in kopke sop mei stokbôle foar de leafhawwer klear en ek de frituerpanne kin wol efkes oan. Dan begjint der sa om 20.30 oere hinne it earste optreden fan de band “Endorfine” ENDORFINE is een coverband uit Friesland die bestaat uit 5 ervaren muzikanten die samen met het publiek maar [...]

Filmmiddei op tongersdei 23 jannewaris

januari 5, 2020|

Filmmiddei  Nel de Boer hat sa yn’e njoggentiger jierren en rûn de ieuwwikseling ferskate filmkes makke oer it libben yn ús Fjouwer Doarpen. Sa komme û.o. doarpsfeesten foarby mei optochten, zeskamp, playbacken. Reedride op'e iisbaan en op de sleatsjes by skoalle. Hurddraverijen tusken Rien en Itens, optredens fan koar Fjouwerlûd en noch folle mear. No hat Rob v.d. Meer dit allegearre op in dvd setten. Wat soe it dochs spitich wêze om dit op’e planke lizze te litten. Dêrom organisearje we in filmmiddei foar de leafhawwers op tongersdei 23 jannewaris. Fanôf 14.30 oere is eltsenien wolkom yn “de Lytse Fjouwere”. Foar [...]

Biljertoernoai op 27 en 28 desimber yn “de Lytse Fjouwere”

december 30, 2019|

Foar de tredde kear is der troch biljertferiening "de Kromme Keu" in toernoai foar de leden organisearre, moai sa tusken kryst en âld en nij yn. It giet fansels om it biljerten, mar de gesellichheid stiet ek heech yn it findel. Sa waarden tuskentroch de kielen smard, koe der snert iten wurde en oare lekkere hapkes, fersoarge troch Reinder de Jong. Elk hat him dat goed smeitsje litten.   It wie wer tige slagge mei spannende partijen, der is fûleinnich striden ûnder oanmoediging fan guon oanwêzige froulju. Om de konsintraasje foar de mannen te ferheegjen, soargen sy der foar dat [...]

Krystkonsert fan koar “Sjong” Wommels e.o. op sneon 21 desimber/Iepen Kafee

december 13, 2019|

Op sneon 21 desimber sil der in krystkonsert fan koar "Sjong" Wommels e.o. plak fine en wol yn it ferboude "Mienskipshûs" te Itens. In moaie gelegenheid om ris te sjen hoe moai dit wurden is! Yn dit koar sjonge ek inkele (âld) doarpsgenoaten mei. We bringe foar jim in gefarieard repertoire, fansels wat saneamde Christmas Carols, mar ek in  "In nije dei" fan "de Kast" stiet op ús repertoire. Tusken troch kinne jim as publyk inkele lieten mei ús meisjonge. We sette om 16.00 oere útein en nei ôfrin stiet der sûkelademolke of glüwein mei in stikje krystbôle foar jim [...]

Iepen Kafee / Krystmiel

december 12, 2019|

Op sneon 21 desimber is der wer in Iepen Kafee, mei om seis oere hinne, de oanfang fan it Krystmiel fan ús kok Fred. De kosten foar it Krystmiel binne €20 p.p. en foar de basisskoallebern €10. Opjaan kin oant sneon 14 desimber by Bouwe Jan: 06-41111094 of bouwejanhuisman@gmail.com It kafee is iepen fanôf 15.00 oere, dan kin der in potsje kaarten of biljerten wurde en/of is der tiid foar in praatsje. Wêz wolkom allegearre yn "De Lytse Fjouwere" yn Itens.

Iepen kafee op freed 15 novimber

november 7, 2019|

Iepen Kafee yn “de Lytse Fjouwere”  Wat wie it wer in tige slagge Iepen Kafee op sneon 19 oktober Fred soarge mei syn gerjochten derfoar dat we yn Italiaanske sfearen kamen en mei lieten as “O Solemio”, spile op de piano troch MarinusPool, wie dat hielendal it gefal. Op freed 15 novimber is it folgjende iepen kafee, dan wolle we der ek wat spesjaals fan meitsje. It is dan nammentlik  yn hiel Fryslân de “Ferhalenjûn” mei as tema ‘Als stenen konden spreken”. Dêr slute wy graach by oan. Nel de Boer sil ús dan wat anekdoates fertelle oer wat him [...]

Iepen Kafee

november 4, 2019|

Nei in tige slagge Toskaanse jûn, stiet der op freed 15 novimber al wer in folgjend Iepen Kafee op it programma. Om't it yn hiel Fryslân de Ferhalenjûn is mei as tema "Als stenen konden praten", wolle wy hjir graach by oanslúte. We ha Nel de Boer ree fûn om ús dan wat anekdoates te fertellen oer ús doarpshûs " de Lytse Fjouwere". Fierder litte we ús ferrasse, wa wit komme der noch mear ferhalenfertellers by! De doar giet om 15.00 oere iepen foar in potsje biljerten, kaarten ensfh. Ek foar in bakje of drankje binne jim wolkom, de freedtemiddeiborrel. [...]

Iepen Kafee op 19 oktober

oktober 8, 2019|

Sneon 19 oktober nimt Fred ús mei op reis nei Toscane. De lekkerste Italiaanske gerjochten sille op'e tafel komme, mei sa't we dat wend binne, in moai ferhaaltsje der by. Marien Pool sil dit bysûndere barren op  muzikale wize begeliede. Alle reden dus om jim hjirfoar op te jaan, de kosten binne €10,00 per persoan. Dit wolle je fansels net misse!   Dat kin foar 17 oktober by Bouwe Jan: bouwejanhuisman@gmail.com of belje/appe mei nûmer 0641111094. Dit y.f.m. de ynkeapen. Fanôf 16.00 oere is eltsenien wolkom yn ús Doarpshûs "de Lytse Fjouwere". Oare data foar dit kalenderjier binne 15 novimber en 21 [...]

Vanaf nu kun je pinbetaling doen in het Dorpshuis + nieuw biljard laken

augustus 29, 2019|

Aanstaande vrijdag start het seizoen weer voor het dorpshuis en wel met het Iepen Kafe. Met de opening van het seizoen gaan we ook van start met een nieuw kassasysteem met daaraan gekoppeld de mogelijkheid van pinbetalen. Omdat wij niet meer met afgeronde consumptieprijzen werken, is het betalen met de pin veel gebruikersvriendelijker, sneller en vergt ook veel minder handelingen. Als bestuur zien wij hierin grote voordelen. Dus laat uw contante geld thuis en gebruik uw pinpas om af te rekenen. Ook is het biljard voorzien van een nieuw laken en dit ligt er mooi glad en strak bij. Een [...]

Blues/rocksensatie ‘Electric Hollers’ 6 september in de Lytse Fjouwere

augustus 15, 2019|

Electric Hollers is een nieuwe blues/rocksensatie uit Noord-Nederland. Maak je klaar om weggeblazen te worden door een muur van vintage sound en energie! Zware bastonen, donderende drums en gitaarsolo’s die je meeslepen naar vervlogen tijden. De band laat zich inspireren door bands als Led Zeppelin, Santana & Ten Years After en bracht in 2018 hun eerste plaat ‘Rise’ uit. Het uitbrengen van dit album leverde lovende recensies en een volle agenda op. Inmiddels bouwt de band verder aan hun livereputatie en zijn ze klaar om Nederland te veroveren. In oktober staat de band in de finale van de Dutch Blues [...]

Sneon 30 maart: Iepen Kafee

maart 17, 2019|

Yn tsjinstelling ta eardere berjochten is it folgjende iepen kafee op sneon 30 maart (en dus net op freed 22maart) It kin wer in gesellige middei wurde, mei in potsje biljerten, klaverjassen, sjoelen, rummikub en wat der noch mar mear graach dien wurdt. Fanôf in oere of seis, healwei sânen makket ús TOPKOK Fred wer in lekker miel klear. "We gaan de culinaire route van de VOC herbeleven" dus dat belooft wer wat lekkers te wurden. Fanôf 15.00 oere is it kafee iepen en binne jim tige wolkom. Foar it iten wol graach efkes opjaan by Bouwe Jan: 06-41111094 of [...]