Wat Soesto!’ is ôfrûne freed yn premjêre gien yn in hast útferkochte seal yn Theater Sneek. De foarstelling fan Freark Smink,ûnder regy fan Jos Thie, is in ynkringend portret oer in hjoeddeistiche boer yn in bysûndere famylje.
Fan 25 septimber ôf meie de teatersealen en doarpshûzen wer fol en dêrom binne der no ekstra kaarten bekikber.
Wat Soesto!’giet oer it boerelibben fan no en alles dêrmei anneks is. Mar it giet ek oer famylje, oantinkens en de syktocht nei in hoopfolle takomst. Frans, de haadpersoan út ‘Wat Soesto!’ wit noch goed hoe’t hy as jonge langút yn it gers lei en harke nei de fûgels. Wat wie hy grutsk dat er in boeresoan wie!
Letter krijt Frans, as selsstannich boer, te krijgen mei de easken fan de oerheid en de druk fan de maatskippij. de iene nei de oare maatregel en diskusje, je soene je hast skamje dat je feehâlder binne. der is gjin perspektyf, mar ophâlde is ek gjin opsje.
Ûnder regy fan Jos Thie spilet Freark Smink sels de boer en Klaasje Postma syn mem. Nei ‘De Emigrant, ‘Feteranen’ en ‘It wie op in Simmerjûn’ is der op’e nij in bysûndere foarstelling fan Pier21 dy’t troch de hiele provinsje spylje sil!