Laden Evenementen

De biblioteek yn de Fermanje

No’t Koroana wat mear nei de eftergrûn liket te skowen, doare wy it wer oan om de biblioteek yn de Fermanje wer iepen te dwaan. Yn de Koroana tiid hawwe minsken oan it opromjen west en dat betsjut dat der aardich wat nije boeken bykaam binne. Foar elkenien is der wol wat aardichs om te lêzen!

Dêrneist is de ferbouwing fan de tsjerke no klear en it is beslist aardich om ris efkes om it hoekje te sjen. De kofje stiet klear!

Earst sille wy de biblioteek ien kear in de moanne iepen hawwe, elke earste sneon fan de moanne fan 14.00 oant 16.00 oere. Data binne 2 oktober, 6 novimber en 4 desimber. As der noch minsken binne, dy’t noch boeken thús hawwe, dan kinne dizze dan werom brocht wurde. Doarpsbewenners dy’t in  boek liene wolle binne dan ek fan herte wolkom. It lienen fan de boeken is fergees. De lytse byb is yn de konsistoarje fan de Fermanje.

 

Wolsto ek ris op in sneon de lytse byb ‘bemense’ of hasto in idee kwa aktiviteit?

Nim dan kontakt op mei Willemsma, Hearedyk 37 (0515-331744)
douwe.willemsma@hetnet.nl