Laden Evenementen
Dit event is voorbij.

Nel de Boer hat sa yn’e njoggentiger jierren en rûn de ieuwwikseling ferskate filmkes makke oer it libben yn ús Fjouwer Doarpen.

Sa komme û.o. doarpsfeesten foarby mei optochten, zeskamp, playbacken.

Reedride op’e iisbaan en sleatsjes by skoalle.

Hurdraverijen op de Draversdyk tusken Rien en Itens.

Optredens fan it koar en noch folle mear.

No hat Rob v.d. Meer dit allegearre op in dvd setten.

 

Wat soe it dochs spitich wêze om dit op’e planke lizze te litten.

Dêrom organisearje we in filmmiddei foar de leafhawwers op tongersdei 23 jannewaris.

Fanôf 14.30 oere is eltsenien wolkom yn “de Lytse Fjouwere”.

Foar €3.00 krije jim twa bakjes kofje of tee mei wat lekkers der by.

In oar drankje is fansels ek oan de bar te ferkrijen.

 

We hoopje in soad (âld) ynwenners te moetsjen om meielkoar dizze moaie bylden te besjen en sa moaie oantinkens op te heljen en te dielen.

Ferfier kin regele wurde, jim kinne hjirfoar kontakt opnimme mei Immie Kamstra, tel. 06 17678212 of Agatha Flier, tel. 0618481795.

Op de website www.de4doarpen.nl komt mei de tiid noch wol in berjochtsje.

 

Graach oant sjen op 23 jannewaris!

 

Nel, Immie en Agatha