Laden Evenementen

It Iepen Kafee sil wer los! Foar dit kalinderjier binne der in oantal data pland. De bedoeling is om it wat ôf te wikseljen, de iene kear in wat simpele hap, de oare kear sil Fred ús ferrasse mei in mear gongen diner.

Fanôf 16.oo oere kin der in potsje kaarten/ biljerten  wurde, in oar spultsje dwaan of fansels gewoan gesellich byprate.

Foar elk iepen kafee komt der in berjocht op de webside om jim op te jaan by: bouwejanhuisman@home.nl of op nûmer 0641111094

De data binne:

Freed 30 septimber in kopke sop mei stokbôle/ krûdebûter e.d. , in broadsje kroket/frikadel foar €7,50