Laden Evenementen
Dit event is voorbij.

Freed 15 novimber is it folgjende iepen kafee, dan wolle we der ek wat spesjaals fan meitsje. It is dan nammentlik  yn hiel Fryslân de “Ferhalenjûn” mei as tema ‘Als stenen konden spreken”. Dêr slute wy graach by oan.

Nel de Boer sil ús dan wat anekdoates fertelle oer wat him allegearre ôspile hat rûnom de tastânkomming fan“de Lytse Fjouwere”. Nei de iepening fan it doarpshûsgedeelte yn 1982 ûntstienen der bygelyks nije aktiviteiten as in jeugdklub, dammen, dûnsles, koar Fjouwerlûd en aerobic. De aktiviteitenkommisje, as foarrinner fan FDD, organisearre ek fan alles. Koartom genôch stof foar moaie ferhalen.

Douwe Willemsma hat fansels ek in soad te fertellen, oer in reis nei Praag bygelyks, wat it krekt wurdt, we wachtsje it ôf en litte ús ferrasse.

Ek Oane Bootsma sil ús wat fertelle en wa wit komme der noch mear fertellers by.

Om 15.00 oere giet it doarpshûs iepen, earst foar de gewoane freedtemiddeiborrel mei in potsje kaarte, biljerte, mensergerjeniete of wat dan ek mar.

Sa rûn 18.00 oere kin der in kopke sop mei stokbôle iten wurde, mei foar wa dat in wol, in snackje der by. Opjaan hjirfoar hoecht net.

De ferhalenjûn set sa rûn 19.30 oere útein en tusken de ferhalen troch kin der fansels wer wat dronken en bypraten wurde.

We meitsje der meielkoar in gesellige Winterjûnennocht fan!