Laden Evenementen

Nei it sukses fan foarrich jier komt er op 15 juny in 2e edysje fan de Swit&Sitrin yn Itens.

De 4 froulju Anke Strikwerda, Roelie Zijlstra, Esther Brouwer en Paula Korbach hawwe de koppen wer byinoar stutsen om opnij it hurddraversevenemint te organisearjen. Anke Strikwerda: “Wy wolle wer in soad minsken yn beweging bringe en wy fine it leuk om in evenemint te organisearjen. De kombinaasje hat fertúten dien, as we werom sjogge nei 2018.”

                                

Yn de oanrin nei de 15e juny ta sil der, krekt as foarrich jier, wer in trainingsgroep wêze, ûnder lieding fan Jan Gerben Strikwerda. Elts wurdt útnoege om mei te draven op de moandeitejûn, of’t jo no begjinner binne as ‘gevorderde’. De earste kear dit seizoen wie op 4 maart, mei 16 manlju en froulju. Dat draven in populêre sport is, die op moandei 11 maart bliken, doe’t der mar leafst 22 dravers wienen!

15 juny sil wer in sportieve en geselliche dei wurde, mei in soad dravers en in leuk feestje nei ôfrin. Derom moatte de minsken earst switte, en dernei gesellich sitte.

Opjaan foar de training is net nedich, start is eltse moandeitejûn om 19.30 oere by doarpshûs de Lytse Fjouwere yn Itens . Ynskriuwe foar de Swit&Sitrin kin fia https://www.mijninschrijving.nl