Laden Evenementen

Hey Switters,

De draafskuon kinne út de kast, want jim kinne begjinne mei trainen!
De datum foar de 3e edysje fan de Swit&SitRin stiet fêst: 28 maaie 2022 (de sneons fan it Hemelvaartswykein).
Skriuw him fêst yn de aginda!
As alles goed giet sille wy de groepstrainingen yn it foarjier fan 2022 wer opstarte, mar jim kinne natuerlik self ek wer ris efkes in blokje om prebearje!
It luie swit moat der út!

Switters, set him op!