Hè hè, no no, poe poe!
It sit der op!
De feesttinte is alwer fuort.
Sa links en rjochts moat noch wat oprêden of fuortbrocht wurde en dan liket it krekt of is der it ôfrûne wykein hielendal neat bard…
Mar dat is fansels wol sa!!
Jeetje, wat in moai doarpsfeest ha wy wer hân!
It is geweldich om te ûnderfinen hoefolle enerzjy en ferbining der wol net yn sa’n lytse mienskip sit.
Seker ek op sa’n lêste dei, as wy fanwegen de feiligens fan elk in ferfelend beslút nimme om it matinee te ferhúzjen fan de tinte nei it doarpshûs. Dan sjogge en fiele jo hoefolle belutsenheid en stipe der wol net loskomt. Fantastysk! Pikefel! It lit mar sjen dat de mienskip net bûn is oan in plak of in gebou, mar oan de minsken dy’t der wenje!
Wy doare it net oan om hjirwei elk persoanlik te betankjen foar syn of har stipe oan it doarpsfeest.
Want dan ferjitte wy fêst in pear en boppedat soe de list ek fiersten en fierstente te lang wurde!
Mar wit dat it wurdearre wurdt! Wy nimme ús petsje ôf foar elkenien dy’t op hokker wize dan ek in bydrage levere hat oan it doarpsfeest!
Ek de meiwurking en it betrouwen wat wy krigen ha fan bygelyks Stichting de Lytse Fjouwere, fan de Keatsferiening, it doarpsbelang en fan de Tsjerke is geweldich om mei te meitsjen.
Wy ha trije dagen lang omrûn mei alle kaaien yn ’e bûse en der wie gjin nee te keap!
Alle leuke foto’s dy’t ûnder de doarpsfeesten makke binne kinne nei ús e-mailadres tastjoerd wurde: fjouwerdoarpendorpsfeest@hotmail.com
De foto’s sette wy dêrnei yn in map op de side fan doarpsbelang.
Ek de moaie film dy’t Casper Bronwasser makke hat fan de skitterjende buurt-optredens is dêr te besjen!
De ‘gevonden voorwerpen’ ha wy op ‘e foto setten en stean meikoarten ek op de side fan it doarpsbelang. Regina Wassenaar hat de fysike opslach fan it guod. Wa’t wat kwyt is kin har ek in berjocht stjoere.
As feestkommisje binne wy sels noch een tafelrok kwyt. Dat is in kleedsje om de poaten fan in stean-tafel út it sicht te hâlden. Wy hawwe der trije liend fan Sippy en Bonne, mar koene oant no ta mar twa weromfine …
Oan de ein fan de twadde dei en seker op de lêste dei, krije de kommisjeleden wol gauris de fraach oft wy yn 2024 ek wêr doarpsfeest ha?
En hjir komt it antwurd op dy fraach.
“Dat witte wy no noch net”. Wy besjogge it oant no ta altyd per jier.
Wy moatte efkes bekomme. Alles foar en tsjin weagje en dan litte wy it witte.
Mar dat dit net it lêste doarpsfeest wie yn ’e fjouwer doarpen, dat is wol wis!
Oant dy tiid sizze wy: “Harkje goed nei it boadskip fan Tiede, Jorrit, Sander, Wybe, Carla, en al dy oare geweldige artysten út ús fjouwer doarpen en…
♪♫ ‘Keep on Rocking!”♪♫
Feestkommisje de 4 doarpen.
Anne, Oane, Jan, Iris, Hans, Regina en Watse