Filmmiddei 

Op 23 jannewaris wie der in filmmiddei yn de “Lytse Fjouwere” oer ferskillende doarpsaktiviteiten yn de 90er jierren.  Wat geweldich, dat Nel de Boer destiids dizze filmkes makke hat en dat Rob v.d. Meer dy no op in dvd setten hat. We hienen gjin idee of der belangstelling foar wêze soe, mar ta ús ferrassing rûn it doarpshûs fol mei 60-plussers. Der moasten hieltyd mear stuollen bysetten wurde, prachtich! Wat wie it benammen bysûnder dat Germ en Tonny Koldijk der sa flak foar harren ferhuzing nei Snits noch by wêze koenen. Nei it earste bakje startte Dick de film, der kaam fan alles foarby: doarpsfeesten, de hurddraverij fan hynders tusken Rien en Itens op de Draversdyk, 55+ reiskes, reedriden, koaroptredens, al mei al in feest fan herkenning.

Efkes skoft mei in twadde bakje, sa koenen der ek wat fotoalbums besjoen wurde en fansels  gesellich byprate mei (âld)doarpsgenoaten. Wat hat elkenien hjirfan genoaten, der binne net sa folle gelegenheden mear om elkoar te treffen en dit smakket nei mear! Dat die wol bliken út de noflike neisit.

  

 

 

 

No lizze der hjir en dêr noch wol mear filmkes op’e planken û.o. fan aerobic, de restauraasje fan de klokkestoel fan Hinnaard, Sinteklaas op skoalle en mear, dat der komt grif in ferfolch op.

No ha ús lûden berikt, dat der ek by oare leeftydsgroepen wol belangstelling foar is.  It measte stiet op ien dvd mei sa’n twa oeren film, dat we ha hjir en dêr wol wat trochspield. Der binne kopiëen makke, dat wolle jim no  foar bygelyks in freonegroep, klasgenoaten, buertfeestje ensfh. wat organisearje om dizze filmkes te besjen, dan kin der kontakt opnommen wurden mei Immie Kamstra janenimmie@gmail.com   of Agatha Flier agathakflier@gmail.com. We kinne dan besjen wat de mooglikheden binne.

Foarearst kinne we mei in tige foldien gefoel weromsjen op dizze spesjale filmmiddei.

Nel, Immie, Dick en Agatha