Tongersdei 21 maart is de generale repetysje, foar de skoalbern (groep 6 o/m 8) en de minsken, dy ’t freed of sneon echt net kinne en it stik wol graach sjen wolle. Tagong foar de bern is €1,- en foar folwoeksenen € 10,00 (of mei in kaart fan de foarferkeap).
De ynrin is tongersdei om 18.30 oere, 19.00 oere los.
Der binne fierder noch in pear kaarten foar de útfiering fan freed en sneon. As der minsken binne, dy ’t in kaart ha wolle, nim dan even kontakt op fia nimitsaitis@hotmail.com of freegje ien fan it bestjoer of spiler. De kaarten kostje €7,50 it stik en oan de doar op de jûn sels € 10,00.
Foar de minsken, dy ’t al kaarten hawwe, jimme kinne sels in jûn kieze mei jimme kaart, de kaart is ien kear jildich.
Oant 21, 22 en/of 23 maart, wy hawwe der sin oan!