Iepen kafee

We binne wer los, op freed 30 augustus ha we it earste iepen kafee fan dit seizoen hân.

Foar dit jier ha we wat foar in nije opset keazen, wat faker op freed of sneon it kafee iepen. De iene kear mei in simpele hap, de oare kear wat útgebreider en dat is wol oan Fred tafertroud.

Fokje hat freed foar in lekker pantsje sop soarge, oanfuld mei wat snacks.

Dat smakke poerbêst en it wie sawol binnen- as bûtendoar tige gesellich om elkoar sa wer te moetsjen.

Koenen jim dizze kear net, ha gjin noed, op sneon 21 sept. is der wer gelegenheid om te kommen, op’e nij mei in lytse hap.

Sneon 19 oktober litte we ús ferrasse, Fred nimt ús dan mei nei Toscane en yn dy sfear mei muzyk der by kinne jim genietsje fan Italiaanske gerjochten.

Freed 15 novimber is der wer in iepen kafee yn in simpele foarm.

As ôfsluter op sneon 21 desimber it Krystdiner, dat wie in grut sukses it ôfrûne jier!

Yn de doarpskrante komt ek noch wol in stikje en hâld fierder de website yn’e gaten, der komt elke kear wol in lyts berjochtsje op te stean.

En noch efkes dit, de nije kassa mei de pinmooglikheid wurket!

Foar de frijwilligers en besikers fan “de Lytse Fjouwere” in oanwinst.

Dat minsken, Wês Wolkom, net stinne, der hinne en pinne!

Team fan it Iepen kafee