Nei de tige slagge Iepen Kafees fan it ôfrûne jier mei de Toskaanske jûn, de Ferhalenjûn en it Krystmiel folget hjir it program foar de kommende moannen.


Sneon 1 febrewaris

Fanôf 15.00 oere it doarpshûs iepen foar in potsje biljerten, kaarten of gewoan gesellich byprate.
Sa rûn 18.00 stiet der in kopke sop mei stokbôle foar de leafhawwer klear en ek de frituerpanne kin wol efkes oan.
Dan begjint der sa om 20.30 oere hinne it earste optreden fan de band “Endorfine”

ENDORFINE is een coverband uit Friesland die bestaat uit 5 ervaren muzikanten die samen met het publiek maar 1 doel hebben: ENDORFINE kweken! Ze doen dit met heerlijke pittige covers van toen en nu, kijk maar eens bij het repertoireop www.endorfine.nl

Bysûnder is dat twa fan de leden, Carla van Hoorn as sjongeres en Wybe Reen as drummer, ynwenners fan Itens binne.
Sy wolle graach harren nûmers foar ús spylje en sjonge.
De tagong is fergees, in frijwillige bydrage foar de band wurdt tige op priis steld. Dat we rekkenje op in grutte opkomst, der kin wer ris lekker dûnse wurde!


Sneon 21 maart

Dat wurdt wer in ferrassing fan ús kok Fred Dijkstra, hjir moatte jim jim wol foar opjaan by bouwejanhuisman@gmail.com
Hâld de nijsbrief fan website www.de4doarpen.nlhjirfoar yn’e gaten!

 

Freed 17 april is dan it lêste Iepen Kafee, sa’t it no stiet de simpele ferzy.
We hoopje dat dizze fariaasje yn oanpak jim wat foldocht.
Us doel is om sa bûten de ferieningen om in stikje gesellichheid te brengen yn “de Lytse Fjouwere”. In echt moetingsplak foar elkenien.

Team fan it Iepen Kafee, Fred en Marja, Bouwe Jan, Fokje, Trees, Immie en Agatha