Sneon 5 septimber Iepen Kafee                   

WE GEAN WER IEPEN!!!!!

Sneon 5 septimber fanôf 17.00 oere is der wer Iepen Kafee!!

We wolle wer fan start yn it nije seizoen!! Yn dizze bysûndere tiid wolle we toch elkoar graach wer in kear moetsje om eventueel in kaartsje te lizzen, efkes te biljerten en/of in pypfol meielkoar te praten.

Fansels mei yn achtnimming fan de Corona rigels, dus it is wol wat beheind, mar mei elk syn/har meiwurking moat it slagje kinne.

We hoopje noch op in prachtige simmerjûn, mar we witte we no noch net wat it waar docht. Meielkoar (binnen en/of bûten) kinne we sa ‘n bytsje 30 – 40 persoanen ha, dus fol = fol.

Fred soarget foar in hapke iten, dus dat wurdt wer lekker smullen, kosten €10.

Opjaan is y.f.m Corona ferplicht en dan witte we ek hoefolle iters der komme.

Dit kin (mits der gjin Corona relatearre klachten binne) by Bouwe Jan:
06-41111094 of  bouwejanhuisman @gmail.com

Graach treffe we jim op sneon 5 septimber, fanôf 17.00 oere!!

Bestjoer en frijwilligers fan “De Lytse Fjouwere”

P.S. As der leafhawwers binne dy ‘t graach earder in potsje biljerte wolle, dan kin dat. Graach eefkes oanjaan, dan dogge we it kafee 16.00 oere iepen.