Freed 17 april is it folgjende Iepen Kafee. 

Fanôf 15.00 oere is elkenien wolkom, biljerte, kaarte of wat jim fierder mar dwaan wolle. En dan sa rûn 18.00 oere begjint it diner mei in aperatyfke, folgjend troch sa’n 4 gongen.

Dat wurdt wer in ferrassing fan ús kok Fred Dijkstra yn gearwurking mei Piter Wilkens. Jim kinne tinke oan in lekker miel, yn it ramt fan it ferske dat de Beerenburg somtiden in hiele bêste sjirurch wêze kin!

Piter sil hjir oer fertelle en sjonge sa tusken de gongen troch.Afbeeldingsresultaat voor foto's Piter Wilkens

Hy hat dit al in pear kear earder op dizze wize dien yn restaurant “Onder de Linden” yn Snits en “It Ponkje” yn Wâldsein en no dus yn ús eigen doarpshûs “de Lytse Fjouwere” û.l.f. sjefkok Fred Dijkstra en syn team.

De kosten foar dit alles is in skaplik pryske fan €20,00. Foar bern sil it menu wol wat oanpast wurde.

Opjaan by bouwejanhuisman@gmail.com

Graach oant 17 april!