We ha juster besluten om it Iepen Kafee op 21 maart net trochgean te litten.

Dit y.f.m. de maatregels rûnom it coronavirus. It is net in evenemint mei maximaal 100 persoanen, mar we wolle foarkomme dat hjiroer ûndudelikheid ûntstean sil.

We kinne dit gelokkich ferskowe nei freed 17 april en it goede nijs is dat Piter Wilkens dan ek kin.

Dat minsken, efkes geduld, hooplik is tsjin dy tiid it virus ûnder kontrôle en kinne we dan genietsje fan it ferrassingsmiel fan ús kok Fred Dijkstra. Piter sil  tusken de gongen troch fertelle en û.o. sjonge oer de wûndere wurking fan Beerenburch, Fred sil dat  ferwurkje yn de gerjochten.

Dit alles byelkoar foar €20,00. Nimme jim de bern mei, dan soargje we foar in oanpast menu en priis.

Opjaan kin alfêst by bouwejanhuisman@gmail.com

We hoopje op jim begrip hjirfoar, dat graach oant sjen yn “De Lytse Fjouwere”.

Team fan it iepen kafee