Op sneon 21 desimber is der wer in Iepen Kafee, mei om seis oere hinne, de oanfang fan it Krystmiel fan ús kok Fred.

De kosten foar it Krystmiel binne €20 p.p. en foar de basisskoallebern €10.
Opjaan kin oant sneon 14 desimber by Bouwe Jan: 06-41111094 of bouwejanhuisman@gmail.com

It kafee is iepen fanôf 15.00 oere, dan kin der in potsje kaarten of biljerten wurde en/of is der tiid foar in praatsje.

Wêz wolkom allegearre yn “De Lytse Fjouwere” yn Itens.