Iepen Kafee op sneon 1 febrewaris 

Fanôf 15.00 oere it doarpshûs iepen foar in potsje biljerten, kaarten of gewoan gesellich byprate.

Sa rûn 18.00 oere stiet der foar €3,00 in lekker board snert fan Fred foar jim klear, wat wol in mins noch mear!

Dan begjint der sa om 20.30 oere hinne it earste optreden fan de band “Endorfine”

ENDORFINE is een coverband uit Friesland die bestaat uit 5 ervaren muzikanten die samen met het publiek maar 1 doel hebben: ENDORFINE kweken! Ze doen dit met heerlijke pittige covers van toen en nu, kijk maar eens bij het repertoire op www.endorfine.nl

 

Bysûnder is dat twa fan de leden, Carla van Hoorn as sjongeres en Wybe Reen as drummer, ynwenners fan Itens binne. Sy wolle graach harren nûmers foar ús spylje en sjonge. De tagong is fergees, in frijwillige bydrage foar de band wurdt tige op priis steld.

Dat we rekkenje op in grutte opkomst, der kin wer ris lekker dûnse wurde!