Iepen Kafee

Yes, we kinne wer los! Op sneon 19 febrewaris hjitte we jim fan
herte wolkom yn ús doarpshûs “de Lytse Fjouwere”.
Fanôf fjouwer oere giet de doar iepen, der kin kaarten en biljerten
wurde. Gesellich wat byprate of in oar spultsje dwaan ûnder it genot
fan in bakje kofje, ek de kuolling mei oare drankjes is wer byfuld.
En sa rûn seis oere begjinne we mei in lekker wintersk miel, Fred kin
hast net wachtsje om ús wer genietsje te litten fan syn
itensierkeunsten:

*  Mosterdsop mei Fryske droege woarst
*  In priuwerij fan hutspot, boerekoal en stimpestamp mei
ferskillende soarten fleis der by
*  As der noch in gatsje oer is in neigesetsje fan Alvestêdeniis.

Foar €15,00 in kostlik miel sa tochten wy.
Wolle jim meiite, dan dit graach foar tongersdei 17 febrewaris
trochjaan oan:
delytsefjouwere@gmail.com / 0641111094.
Dit alles neffens de corona regels foar de horeca.
We hoopje jim wer begroetsje te kinnen!
Team fan it Iepen Kafee