Op freed 25 novimber organisearje we in Iepen Kafee, dizze kear wer mei in simpele hap:
In lekker board mei spaghetti en in neigesetsje der op ta, dat alles foar €7,50.
Fanôf 16.00 oere giet de doar fan “de Lytse Fjouwere” iepen foar elkenien.
Ite jim in hapke mei, dan dit graach úterlik 24 novimber trochjaan oan:
bouwejanhuisman@gmail.com of appe nei nûmer 0641111094
Om 17.00 oere begjint de wedstriid Nederland-Equador, it is mooglik om it fuotbaljen op it grutte skerm te sjen.
Foar desimber steane der twa krystdiners op it programma:
Sneon 17 desimber
Tongersdei 22 desimber foar senioren ( útnoegingen hjirfoar wurde ein novimber rûnbrocht)
We ferwolkomje jim graach yn “de Lytse Fjouwere”!
Team “Iepen Kafee”