Nei in tige slagge start fan dit seizoen geane we op foar it folgjende Iepen kafee op sneon 29 oktober.
De doar giet foar elkenien iepen om 16.00 oere en sa rûn 18.00 oere wurdt der in “Indische rijsttafel” serveard troch Fred Dijkstra en syn keukenbrigade. Wolle jim mei-ite, dan dit graach trochjaan foar tongerdei 27 oktober oan bouwejanhuisman@gmail.com of appe nei nûmer 0641111094 .
De kosten binne €15,00 per persoan. Graach oant sjen yn “de Lytse Fjouwere”
Team fan it Iepen kafee ( om fêst yn’e agenda te setten: freed 25 novimber is de folgjende datum)