It Iepen Kafee sil wer los! Foar dit kalinderjier binne der in oantal data pland. De bedoeling is om it wat ôf te wikseljen, de iene kear in wat simpele hap, de oare kear sil Fred ús ferrasse mei in mear gongen diner.

Fanôf 16.oo oere kin der in potsje kaarten/ biljerten  wurde, in oar spultsje dwaan of fansels gewoan gesellich byprate.

Foar elk iepen kafee komt der in berjocht op de webside om jim op te jaan by: bouwejanhuisman@home.nl of op nûmer 0641111094

De data binne:

Freed 30 septimber in kopke sop mei stokbôle/ krûdebûter e.d. , in broadsje kroket/frikadel foar €7,50

Sneon 29 oktober is Fred de kok mei ????

Sneon 25 novimber simpele hap

Sneon 17 desimber Krystdiner

Tongersdei 22 desimber spesjaal Krystdiner foar de âldere ynwenners fan ús 4 doarpen ( útnoeging komt mei de tiid)

 

Foar de earste kear op 30 septimber kinne jim jim alfêst opjaan.

We hoopje dat we jim wer moetsje sille yn “de Lytse Fjouwere”, tige wolkom allegearre!

It team fan it Iepen Kafee