Yn tsjinstelling ta eardere berjochten is it folgjende iepen kafee op sneon 30 maart (en dus net op freed 22maart)

It kin wer in gesellige middei wurde, mei in potsje biljerten, klaverjassen, sjoelen, rummikub en wat der noch mar mear graach dien wurdt.
Fanôf in oere of seis, healwei sânen makket ús TOPKOK Fred wer in lekker miel klear.
“We gaan de culinaire route van de VOC herbeleven” dus dat belooft wer wat lekkers te wurden.

Fanôf 15.00 oere is it kafee iepen en binne jim tige wolkom.
Foar it iten wol graach efkes opjaan by Bouwe Jan: 06-41111094 of bouwejanhuisman@gmail.com