Dit jier bestiet doarpskrante de Diggelfjoer fan De Fjouwer doarpen 40 jier, in jubileum! In moaie reden om te fieren, wat ús as redaksje oangiet. Derom hawwe wy justerjûn as redaksje persoanlik en ‘yn styl’ de doarpskrante yn de doarpen lâns brocht. Foar de minsken dy’t wy sels net troffen en/of sprutsen hawwe, wy winskje jimme in soad lêsnocht mei dit spesjale jubileumnûmer fan de Diggelfjoer!
Hans, Esther, Watse en Elisabeth
PS: Fansels hawwe wy tige ús bêst dien om elkenien in doarpskrante te bringen, mar miskien hawwe wy per ûngelok in adres mist. Mocht dat sa wêze, dan hearre wy it graach!